Mearke 2017 giet oer......?

Sneon 7 oktober

Oktober, oer in dikke moanne komt Sinterklaas wer yn it lân. Novimber ek de moanne dat it wer tiid is foar it Sinteklazemearke 2017! De 10e kear alwer! In jubileumjier...wat spylje wy yn dit jubileumjier?

“Jaap en de Selfkickerkat”

Jaap en de Selfkickerkat...is it ferhaal fan de poes en de soan fan de mûlner, mar dan oars as oars. Wy binne al drok oan it repetearen en drok mei de tariedings. Ek dit jier is de rezjy en de tekst wer yn fertrouwde hannen fan Tjerk Kooistra.

It wurdt op 'e nij in prachtfoarstelling dêr't wy mei ús allen mei in soad nocht oan wurkje. Hawwe jo d'r ek nocht oan? Dat kinne wy begripe. En spesjaal derfoar hawwe wy wat leuks betocht.

Jo kinne 'freon' wurde fan it Mearke, om sa it Mearke te stipjen. Mar in freonskip is fansels 'geven & nemen' fan beide kanten. Derom hawwe wy it folgende betocht. Jo kinne fanôf  €15,- it Mearke stypje, derfoar krije jo 20% koarting op'e kaarten (maks. 2 kaarten) en krije jo in útnoeging foar de premjêre. As jo tinke dit liket my Klik dat hjir om freon te wurden

We moetsje jo graach yn Winsum op ien de folgjende mominten:

26 novimber 15.00 oere Premjêre (Iepenbiere foarstelling).
28, 29 en 30 novimber (Skoallefoarstellings)
1, 2 en 3 desimber (Iepenbiere foarstellings)

« werom