Mearke Winsum 2019 "Matilde"

Woansdei 18 septimber

De simmerfakânsje sit der wer op. It duorret noch wol efkes oant Sinteklaas wer yn Fryslân is, mar yn Winsum binne spilers en organisaasje drok dwaande mei de tariedings foar it 12e (Sinteklaze) Mearke. Dit jier sil it Mearke yn Winsum de foarstelling “Matilde” spylje. Elkenien kin grif it boek fan Roald Dahl wol. Wy sille der dit jier ek wer in bysûndere foarstelling fan meitsje.

“Matilde”.

Dit jier sille wy spylje “Matilde”  in frije bewurking nei it wol bekinde boek fan Roald Dahl. De regy is ek dit jier yn hannen fan Romke Gabe Draaijer en Rianne Hogeveen.

Ynhâld:
Matilde is briljant. Hja is in gefoelich famke dat geweldich goed leare kin. Doe't hja oardel wie, koe Matilde al prate as in folwoeksene, mei trije jier koe hja lêzen, en al foar hja fiif wie, lies hja boeken fan wrâldferneamde skriuwers as Dickens, Hemingway, Kipling en Steinbeck. Mar har âlders behannelje har as in ûnderkrûpsel. Hja fine har mar lestich en dulde Matilde oant hja har it hûs út jeie kinne nei in oar diel fan it lân, of leaver noch folle fierder fuort. Matilde beslút har ris goed kwea te meitsjen. Hja betinkt hiele snoade straffen foar har âlders. En as it haad fan de skoalle, de grouwélige juffer Bullstronk, har ek oanpakke wol, ûntduts Matilde dat hja wat kin wat nimmen oars kin.

Om’t de kosten om de foarstelling te meitsjen hieltyd heger wurde en wy ôfhinklik binne fan sponsoren en fûnsen dy’t dit mei mooglik meitsje, sykje wy no ek minsken dy’t “freon”  wurde wolle.   

Jo kinne “freon” wurde fan it Mearke, om sa it Mearke te stypjen. Mar in freonskip is fansels 'geven & nemen' fan beide kanten. Derom hawwe wy it folgjende betocht. Jo kinne fanôf  €15,- it Mearke stypje, derfoar krije jo 20% koarting op'e kaarten (maks. 2 kaarten) en krije jo in útnûging foar de premjêre. As jo tinke dit liket my wol wat ta as wolle jo der mear oer witte? Stjoer dan efkes in mailtsje nei freonen@mearke.nl foar ynformaasje en opjefte.

Dit jier binne de foarstellingen op:

24 novimber 15.00 oere Premjêre (Iepenbiere foarstelling).
26, 27 en 28 novimber (Skoallefoarstellingen)
29, 30 novimber en 1 desimber (Iepenbiere foarstellingen)

« werom