Mearke Winsum bringt 'belibbingsteater' mei Ronja

Snein 18 novimber

Foar de âlvde kear wurdt der in Sinteklazemearke opfierd yn MFC De Helling te Winsum (Fr.) fan 25 novimber oan't en mei 2 desimber. Dit jier sil “Ronja de Rôversdochter” oer it fuotljocht brocht wurde, nei it boek fan Astrid Lindgren. De Fryske bewurking is fan Lieuwe Tolsma en de rezjy is yn hannen fan Romke Gabe Draaijer en Rianne Hogeveen.

Belibbingsteater

Troch de jierren hinne is it Mearke Winsum útgroeid ta in begryp yn de wiide omkriten, foar jong en âld. Mearke Winsum is ferneamd om de technyske heechstandsjes en ferrassende eleminten. Dit jier stiet yn it teken fan 'belibbingsteater'. Dit wurdt foarm jûn troch ferskate techniken en effekten, op it poadium en yn de seal. Der wurdt in mânsk dekôr boud, wêrtroch jo as besiker letterlik midden yn it ferhaal sitte. Ek sil de besiker fernimme yn hokker seizoen in sêne him ôfspilet.

It ferhaal

Ronja groeit op yn in rôversfamylje. Harren boarch stiet yn de bosk fol gefaarlike ierdmannen en fûgelheksen, oan it 'hellegat'. Oan de oare kant fan it 'hellegat' stiet de boarch fan in rivaliserende rôversfamylje. As Ronja befreone rekket mei de soan fan de famylje 'oan de oare kant' wurdt alles oars, mar lizze der ek gefaren en útdagings op de loer!

Skoallen út de wiide omkriten

Dit jier komme der 30 skoallen te sjen, wat sa'n 1000 bern betsjut. Fan âldsher komme hja fan alle wynrjochtings. Dit jier is dat fan Bantegea oan't Eastersee en fan Makkum oan't Britsum/Koarnjum. Mar ek de measte skoallen út it eardere Littenseradiel fan wer fan de partij. Dit jier binne der neist de fiif skoallefoarstellings ek fjouwer iepenbiere foarstellings. De premiere is op snein 25 novimber om 15.00 oere.

« werom