2010 - 3 Belles en it bist
Dit Mearke giet oer groep 7. De groep fan Juf Tialde. De groep wol mar net doge, is drok, en gaoatysk, mar it measte sit juf dermei dat Marian pesten wurdt. Dochs kin se der mar muoilik tsjin optrede. Marian wol leaver net dat Juf deroer begjint yn de klasse, want dan wurdt it slimmer. Juf betinkt in plantsje en fiert dat út troch de musikal Belle en it Bist te spyljen. En net samar in ferzje, nee in eigen ferzje wêryn't trije Belle's it tsjin elkoar stride foar de haadrol.
De twa populêre famkes krije fansels in rol as Belle 1 en 2, mar ek Marian mei it as Belle 3 opnimme tsjin harren. Stikje foar stikje nimme juf en de beern ús mei troch it ferhaal, dat wol op Belle en it Beest liket, mar ek wer net.
Úteinlik sjogge wy dat de moraal fan it ferhaal, it feit dat echte leafde fan binnen sit, wol hiel ticht by de wierheid komt.