2019 - Matilde
Matilde is in hiel tûk famke en ferdwynt graach yn ‘e boeken. Se wennet bij har âlden dy’t allinne dwaande binne mei jild, uterlik en de telefyzje. Se ha gjin weet fan Matilde har kinnen en fine it mar stom dat se sa folle lêst en nei skoalle wol. Wat hast no oan skoalle?! Nei lang seure, smeke en bidde mei Matilde lang om let nei skoalle ta. Der komt se yn ‘e kunde mei de gemiene en boaze direktrise fan de skoalle: Juffrou Bulstronk. Sy fynt Matilde – lyk as har âlden- ek al sa lestich. En net allinne Matilde. Alle bêrn binne wjirmen, ûngedierte én lid fan de maffia! Gelokkich is dêr juffrou Ingel dy’t wol sjocht hoe bysûnder Matilde en har klassegenoaten binne. Tegearre gean se de striid oan tsjin it ûnrjocht fan juffrou Bulstronk. Dûk mei yn it ferneamde ferhaal fan Roald Dahl oer in famke dy’t oars liket as de rest. In famke dat doart te dreamen. In famke dy’t magysk ferwûnderje litte kin. Tsjin de regels yn!