2012 - Shrok
Shrok wennet allinne yn in moeras en hy hâldt fan it alline wêzen. Dy rêst is gau foarby as earst in kamerafrou him lestichfalt en letter ynienen alle mearkefigueren dy’st ek mar betinke kinst, by Shrok de tinten opslaan.
Se binne harren eigen lân útsetten troch de gemiene presidente Miss Romney. Shrok makket in deal mei de soan fan de presidinte: as Shrok foar him de knappe prinses Doutzen wit te rêden út in ôfsletten kastiel, dan nimt Miss Romney de mearkefigueren werom en krijt Shrok syn privacy werom.