2009 - Koezels yn 'e Trollebollebosk

Koezels yn 'e Trollebollebosk is in ferhaal oer bûterierdske skepsels dy't op é  doele reitsje mei har skûtel en bedarje yn in bosk op de ierde. Foardat se de kâns krigen hawwe om út te finen wat der krekt bard is, komt de iene nei de oare har oer it mad. De Boargemaster mei syn frou en de dochters, keapfrou Swaantsje Swankebast, Olle de Trol en net de terjitten fansels Bokke de hûsfeint. Se hawwe it net allegearre like goed foar mei de Koezels.