foarstelling
Yn Winsum binne wy al drok dwaande mei de taridings foar it Mearke Winsum 2025 “SJONG!"
Miss Dada is in arrivearre popartyst dy't oeral op de wrâld súskes hat. Op in dei wol se net langer troch mei it libben yn de spotlights en kiest se der foar om werom te gean nei it plak dêr't se berne is. Werom yn dat doarp komt se yn kontakt mei in groepke doarsgenoaten dy't repetearje mei harren koar yn it pleatslike teater. It giet allinne net sa goed mei it koar. Soe miss Dada har miskien helpe kinne? It mearke Sjong! is in miks tusken Sing, in eigen ynterpretaasje, it mearke fan 2016 Grutferlet mei in fleuchje As it is in heaven. In hjoeddeisk ferhaal mei in protte muzyk en op de eftergrûn konflikten en in spannende Smartie-Smugs hannel!
Kaartferkeap start dit jier op 1 novimber!
De rezjy is dit jier yn hannen fan Tjerk Kooistra en Wybo Smids (Ek bekind fan it ILS Jorwert en âld bekinden binne it Mearke Winsum).
Hja sille der mei de spilers wer in prachtige foarstelling fan meitsje sa’t jimme dat fan ús wend binne. Dit jier alwer foar de 17e kear!!
It Mearke sil dit jier wêze fan 23 novimber oant en mei 30 novimber.
De skoalle foarstellings sille dt jier wêze op: 24, 26, 27, 28 novimber.
Tagongsprizen: oant en mei 11 jier € 8,= fan 12 jier ôf € 10,00 Advysleeftyd fanôf 5 jier
Kaartferkeap start op 1 novimber. Kaarten kinne besteld wurde fia www.mearke.nl