Dit jier spylje wy de foarstelling "SIKKO"
Yn Winsum binne wy al drok dwaande mei de taridings foar it Mearke Winsum 2024 “SIKKO".
Dit jier sille wy ‘SIKKO’ spylje. It stik SIKKO is in nije fryske bewurking fan de film “ZORRO!” It ferhaal fan de held Zorro kinne de measte minsken wol, mar foar wa as it net kin: "De mysterieuze Sikko lûkt mei syn babbelsike hynder Wervelwyn rûn om it ûnrjocht te bestriden, hy besiket foaral de egoïstyske El Commandante te ferjeien! Hy is net allinne op it oarlochspaad. Stikem hat er in eachje op de moaie Chonchita. En dat wylst hy as Don José – want sa hjit hy eins – fan syn heit trouwe moat mei in oar famke. Sil syn geheim ûntmaskere wurde? Kin hy it tij noch keare? Ek dit jier sil it wer in hearlike foarstelling wurde, mei in soad humor en Spaanske Frysktalige lieten der yn. De foarstelling is geskikt foar bern fan 5 jier ôf. Kaartferkeap start dit jier op 1 novimber!