Mearke Winsum
kaarten fraach & oanbod
  • nijs
  • foarstelling
  • ynformaasje
  • kaartferkeap
  • freon wurde
  • gasteboek
  • foto's
  • stipers
  • skiednis
  • home

foarstelling

Yn Winsum binne wy al drok dwaande mei de taridings foar it Mearke Winsum 2026  “DE KLOKLIEDER" 

De Kloklieder is it ferhaal fan Quasimodo, in freonlike en iensume kloklieder dy't ferburgen en opsletten libbet yn de katedraal ûnder it strange tafersjoch fan master Frollo.
As it wer de dei fan it Healwizenfestival is, hat Quasimodo al syn moed garre en ferlit hy de katedraal om by it feest wêze te kinnen. Dêr moetet hy de dappere Roma Esmeralda en dat sil syn libben foargoed feroarje. Wannear't de spanning oprint, moat Quasimodo kieze: bliuwt hy by syn freonen, de stiennen bylden dy't nea oardielje, of doart hy syn hert te folgjen? De Kloklieder is ek it ferhaal fan de Roma. In mienskip dy’t op inoar fertrout, mei in eigen kultuer fol muzyk, dûns en tradysjes.
Mar ek in mienskip dy't te krijen hat mei wantrouwen, diskriminaasje en ferfolging troch de autoriteiten. De Kloklieder is in spannende enervearjende foarstelling foar jong âld mei toaniel, muzyk, sjongen, dûns en sirkus. In ferhaal mei in grisseltsje skiednis en in dúdlike boadskip.

Rezjy is yn hânnen fan Sjoerd Blom mei assistinsje fan Rianne Hogeveen
Hja sille der mei de spilers wer in prachtige foarstelling fan meitsje sa’t jimme dat fan ús wend binne. Dit jier alwer foar de 18e kear!!

Skoallefoarstellings                                                  Iepenbiere foarstellings

Tiisdei 24 novimber 9.30 oere                                   Snein 22 novimber 15.00 oere premjêre

Tiisdei 24 novimber 13.00 oere                                 Freed 27 novimber 20.00 oere

Woansdei 25 novimber 9.30 oere                              Sneon 28 novimber 20.00 oere

Woansdei 25 novimber 13.00 oere                            Snein 29 novimber 15.00 oere

Tongersdei 26 novimber 9.30 oere

Tongersdei 26 novimber 13.00 oere

Freed 27 novimber 9.30 oere
                                                

Tagongsprizen: oant en mei 11 jier € 8,00  fan 12 jier ôf € 10,00  Advysleeftyd 6 jier

Kaartferkeap start dit jier op 1 novimber!

foarstellingsdata

meiwurkers

MFC de Helling

Skâns 12
8831 XS Winsum FR
ynfo@mearke.nl

folgje ús

Facebook
Twitter
Instagram

lokaasje