Mearke 2018 bringt Ronja Rôversdochter
Oktober, oer in dikke moanne komt Sinteklaas wer yn it lân. Novimber ek de moanne dat it wer tiid is foar it Mearke Winsum 2018! De 11e kear alwer! Wat spylje wy dit jier?
“Ronja Rôversdochter”.
Dit jier sille wy spylje “Ronja Rôversdochter”. Nei it boek fan Astrid Lindgrin (bekind fan Pipi Langkous) fansels. Lieuwe Tolsma hat it foar it Mearke bewurke, en de regy is dit jier yn hannen fan Romke Gabe Draaijer en Rianne Hogeveen.
Sa as o no liket wurde it op'e nij prachtfoarstellingen wêr wy mei ús allen mei in soad nocht oan wurkje. Hawwe jo d'r ek nocht oan? Dat kinne wy begripe. En spesjaal derfoar hawwe wy wat leuks betocht.
Jo kinne 'freon' wurde fan it Mearke, om sa it Mearke te stypjen. Mar in freonskip is fansels 'geven & nemen' fan beide kanten. Derom hawwe wy it folgjende betocht. Jo kinne fan €15,- ôf it Mearke stypje, derfoar krije jo 20% koarting op'e kaarten (maks. 2 kaarten) en krije jo in útnoeging foar de premjêre. As jo tinke dit liket my wol wat ta as wolle jo der mear oer witte? Check dan efkes de webside: www.mearke.nl foar mear ynformaasje en opjefte om freon te wurden.
We moetsje jo graach yn Winsum op ien de folgjende mominten:
25 novimber 15.00 oere Premjêre (Iepenbiere foarstelling).
30 novimber en 1, 2 desimber (Iepenbiere foarstellings)