Mearke Winsum spilet DE KLOKLIEDER
Yn Winsum binne wy al drok dwaande mei de tariedings foar it Mearke Winsum 2026 “DE KLOKLIEDER".
Sûnt 2008 bringt it Mearke in teaterstik op de planken yn de prachtige Fryske taal, dat jong en âld betovert. Us personaazjes springe fan it poadium en ús ferhalen nimme dy mei op in reis fol ferrassingen. Teater is as in spegel, in útdaging, in ferrassing, en in útnûging om dy yn te libjen yn in oar. Koartsein, it is magy!
De kloklieder is it ferhaal fan Quasimodo, in freonlike mar misfoarme en iensume kloklieder dy't ferburgen libbet yn de katedraal ûnder it strange tafersjoch fan master Frollo.
As it wer de dei fan it healwizenfeest is, hat Quasimodo al syn moed garre en ferlit hy de katedraal om by it feest wêze te kinnen. Dêr moetet hy de dappere roma Esmeralda en dat sil syn libben foargoed feroarje.
Wannear't de spanning oprint, moat Quasimodo kieze: bliuwt hy by syn freonen, de stiennen bylden dy't nea oardielje of doart hy syn hert te folgjen. De kloklieder is ek it ferhaal fan de Roma. De kleurrike mienskip dy’t op inoar fertrout, mei in eigen kultuer fol muzyk, dûns en tradysjes.
Mar ek in mienskip dy't te krijen hat mei wantrouwen, diskriminaasje en ferfolging troch de autoriteiten. De kloklieder is in spannende enervearjende foarstelling foar jong âld mei toaniel, muzyk, sjongen, dûns en sirkus. In ferhaal mei in grisseltsje skiednis en in dúdlike boadskip.
Wy sille der mei de spilers wer in prachtige foarstelling fan meitsje sa’t jimme dat fan ús wend binne. Dit jier alwer foar de 18e kear!!
It Mearke sil dit jier wêze fan 22 novimber oant en mei 29 novimber.
De skoalfoarstellingen sille dit jier wêze op: 24, 25, 26 en 27 novimber.










