2021 - De Lytse Kaptein
Yn in fier ferline wie de see in plak fan rêst, stoarm, allinnich wêze en in plak wêr ’t minsken inoar moetsje. De grize skipper kin dy der sa in pear ferhalen oer fertelle.
Yn dit ferhaal fertelt hy oer in jonge jonge dy’t krekt as him de see ûntdekke wol.
Wy folgje de lytse kaptein en syn maten Marinka, Brede Berend en Bange Theun, hja sykje it aventoer op see. Se wolle op syk nei it eilân Grut en Groei om grut te wurden.
En dermei dus folwoeksen. Ûnderweis komme se op hiele rare plakken en komme se ek tige frjemde figueren tsjin dy’t it libben wer letterlik en figuurlik kleur jouwe.
Yn dit ferhaal oer wat folwoeksen wêze no eins ynhâld, dêr sjogge wy 4 bern yn in syktocht nei it folwoeksen wurde. Stadichoan yn it ferhaal komme se der efter dat grut wêze net gelyk betsjut dast dan ek folwoeksen bist.