2018 - Ronja de Rôversdochter
Ronja de Rôversdochter giet oer twa dappere rôversbern dy’t witte wat freonskip is. Fjochtsjende rôvers, razende fûgelheksen dy’t bern graach ite as lunch of jûnsiten..dat op in eftergrûn fan bergen, bosken en de seizoenen, binne de yngrediïnten fan it ferhaal oer Ronja de Rôversdochter. Yn in burcht op in berch wennet dus in rôversbinde. Harren lieder is Mattis, de rôversbaas. De binde hat hieltyd spul mei de oare rôversbinde, mei as rôversbaas Borka. Op in nacht, yn in swiere ûnwaarsbui, wurdt Ronja berne. De bliksem splyt die nacht de boarch yn twa dielen, en der ûntstiet in djippe ôfgrûn tusken de twa helten, it hellegat.
Ronja wurdt grut, en op in dei wol sy nei bûten, it bosk yn en de boel ferkenne. Sy komt fan alles en elkenien tsjin, mar saai is’t alhiel net. Somtiden rinne har aventoeren mar krekt goed ôf. Dan moetet sy Bjirk, de soan fan Borka en syn frou Undis. Se wurde freonen. Dat fine de rôversbazen Mattis en Borka fansels mar hielendal neat. Ronja en Bjirk flechtsje de bosken yn en gean yn in bearehol wenjen. Dochs sille hja kieze moatte: foar de heiten as foar inoar...