2017 - Jaap en de Selfkickerkat

Foto's Mearke Winsum 2017
Sneon 2 desimber
Krije jimme by it sjen fan dizze foto's ek sa'n nocht om noch te kommen? Moarnier 11.00 binne jimme fan herte wolkom, reservear gau in plakje ûnder kaartferkeap!  

Meer foto's


EXTRA FOARSTELLING SNEIN 3 DESIMBER 11.00
Woansdei 29 novimber
Der kinne wer kaarten reserveart wurde. Bij foldwaande belangstelling sil der in extra foarstelling wêze op snein 3 desimber om 11.00 oere. Dus net stinne mar hinne! 10e mearke mei 10 foarstellings!


Alle foarstellings Mearke 2017 ÚTFERKOCHT!!
Tiisdei 28 novimber
Alle kaarten/plakken die 't beskikber binne foar de foarstellings foar kommende  Freed, Sneon en Snein binne reserveart! Helaas de koekepaas, mar wy binne der fansels tige bliid mei!


Freed 1 desimber útferkocht!
Moandei 27 novimber
Der binne foar freed 1 desimber gjin kaarten mear beskikber!


Kaarten besteld???
Freed 17 novimber
Guon minsken hawwe ús melden dat de reservearringsmail fan de bestelde kaarten net binnenkomme. As jo reservearring net gelyk yn jo mail ferskynt dan graach yn de spam map sjen of tusken de ongewenste mail. Fanwege it Frysk yn it mailadres fan kaarten@mearke.nl wol dit noc...

lês fierder


Kaartferkeap is LOS!
Freed 3 novimber
Fanôf no kinne de kaarten foar dit jier besteld wurde.  ​Kaarten kostje € 5,- bern oant en mei 11 jier en € 10,- 12+ folwoeksenen. ​Ynformaasje kaartferkeap as til. bestelle kin ek...op nr. 0517 - 34 13 44.


Mearke 2017 giet oer......?
Sneon 7 oktober
Oktober, oer in dikke moanne komt Sinterklaas wer yn it lân. Novimber ek de moanne dat it wer tiid is foar it Sinteklazemearke 2017! De 10e kear alwer! In jubileumjier...wat spylje wy yn dit jubileumjier? “Jaap en de Selfkickerkat” Jaap en de Selfkickerkat...

lês fierder


Jubileum: Nij Logo en Nije website
Freed 6 oktober
It is dit jier is alwer de 10e kear dat toanielferiening Advendo Winsum it Mearke organisearret. Wy binne tige wiis mei wêr't wy no stean! It like ús in moai momint om dit alles dan ek marris efkes op it Web te setten. StudioSmids hat tegearre mei Marjan Koldijk ...

lês fierder